Kompetysje omloop 2
3 Perken fol!
Ik wie moai op tiid op it fjild om de karre ree te meitsje mei linen, proppen, krammen en blokjes doe Jelmer van der Valk frege as der mij helpe koe. Tegearre hawwe we trije perken klear lein omdat wij tochten dat er wol aardich animo wêze soe.
De gedachte waard aardich befêstige, 13 keatsers wiene der om healwei achten en dus koe ik de perken moai opfolje. Yn perk 1 hie ik Jelmer van der Valk en Klaas Goodijk tsjin Albert Reitsma en Lyssa van der Ende Yn perk 2 wiene Jelle Anema, Martin Visser en Geert Reitsma oan it keatsen tsjin Klaas van der Veen en Halbe van der Valk. Yn perk 3 namen Reinder Bonekamp en Jouke Wiersma it op tsjin Jouke Bonekamp en Jesse Heida. Der waard omraak keatst en mei \lieding\", \""tink derom Geert komt op stoom\"", \""keats hâlde, \""ja, 6 gelyk\"" en \""komt der net\"" waard der ek omraak praat."
Geplaatst op 09 May 2015